CSG Bogerman hâldt byienkomst: hoe om te gean mei wolwêzen jongerein yn coronatiid?

01 mrt 2021 - 18:25

De coronamaatregels hawwe grutte ynfloed op jongeren. Hieltyd mear learlingen jouwe oan dat se it lestich fine om motivaasje te finen foar skoalle. Krekt yn dizze libbensfaze is sosjale ynteraksje en it learen fan nije dingen belangryk foar har ûntwikkeling, mar dat stiet al moannen hast folslein stil. Hoe binne problemen te sinjalearjen en hoe kinne je dermei omgean?

In kwart fan de learlingen fan CSG Bogerman komt op skoalle - Foto: Omrop Fryslân

Om dêr antwurd op te krijen organisearre skoalmienskip CSG Bogerman yn Snits moandei in (digitale) byienkomst oer it wolwêzen fan jongeren. De middei wie bedoeld foar skoalbegelieders. Se dienen it yn de mande mei ynstellingen lykas GGD, skoalmaatskiplik wurk, learplicht en VNN.

Wat fernimme se op skoalle oan de learlingen? "We merken dat de motivatie met online lessen bezig te zijn hard minder wordt. We hebben bijvoorbeeld als beleid dat leerlingen de camera aan hebben tijdens de lessen. Maar als de leraar dat niet vraagt, doen ze dat niet. En als de docent halverwege de les een vraag stelt, krijgt hij of zij geen antwoord meer, omdat de leerlingen dan met iets anders bezig zijn," seit Dilly Japenga, se is 'ondersteuningscoördinator' by Bogerman. "De tweede lockdown zou twee weken duren, maar hoe langer het duurt hoe lastiger het wordt."

Puberbrein

Op de middei ha se ûnder oare praat oer it puberbrein. "Dat is belangrijk om een beetje begrip te hebben. Eigenlijk kunnen de kinderen er niks aan doen, dat het gaat zoals het gaat. We hebben de conclusie getrokken, willen we dat weer wat gaan ombuigen, dat er een betere facilitering voor de mentoren moet komen. Het staat en valt met contact. Dus niet met didactiek en het hebben over school, maar over de pedagogiek."

Op dizze leeftiid is sosjalisaasje fan belang. "Ze willen contact maken en door de coronamaatregelen stagneert dat. Het is belangrijk dat ze weer naar school gaan en elkaar kunnen ontmoeten. Ook het contact met volwassenen binnen de school is belangrijk. Leerkrachten zijn ook een rolmodel. Voor mentoren is het contact met de leerling belangrijk." Yn dizze faze fan it libben is in soad ûndúdlik foar pubers. "Je moet jezelf weer een beetje opnieuw uitvinden."

In konklúzje fan de middei wie dat helpmiddels mentoaren helpe kinne om saken te sinjalearjen. "Het is goed om handvaten te hebben, wat zie ik en wat betekent dat. Als ze bijvoorbeeld slechter gaat eten of een veranderd slaapritme heeft. En om dan te weten welke stappen ik kan nemen."

Dilly Japenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)