Troch corona mei in stúdzje begjinne; omdat in jier yn it bûtenlân net trochgie

01 mrt 2021 - 17:42

Troch corona is it studearjen bot feroare mei inkeld online lessen. Guon studinten hâlde der dan ek krekt yn dizze tiid mei op. Oare jongeren begjinne krekt troch corona mei in stúdzje, om't oare plannen net trochgean koenen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Daphne van Linge komt út Veendam. Se docht yn Ljouwert de hegere hotelskoalle, mar dat wie net it plan. "In mijn agenda stond voor 2020 met hele dikke letters Argentinië. Maar ik ben nu in Leeuwarden, dus dat is net even wat anders."

Toen kwam tante corona

Yn Argentinië soe se in jier lang op in middelbere skoalle sitte en yn in gastgesin wenje. "Ik wilde Spaans leren en ik wilde me er helemaal onderdompelen in de cultuur." Se woe net yn Europa bliuwe en kaam by Argentinië út, om't dat in feilich lân wie. "Maar ja toen kwam tante corona en ging het allemaal niet door. Half mei kreeg ik door dat het wel wat langer zou gaan duren en ook in Argentinië waren de besmettingen hard aan het stijgen." Ein juny hakte se de knoop troch dat se net gean soe.

Yn 2018 hie se alris by in iepen dei fan de hotelskoalle west. "Ik dacht toen al, dat dat wel bij me paste. Maar ik wilde het pas doen na Argentinië. Ik was er eerst wel kapot van dat het niet doorging, maar nu ben ik gelukkig in Leeuwarden." Se is wol fan doel om letter nei Argentinië te reizgjen. "Maar dan als backpacker."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Daphne van Linge

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Noa Jansen komt út Brabân en docht ek de hegere hotelskoalle yn Ljouwert. Ek sy hie in oar plan.

"Ik zou een jaar naar Nebraska in de Verenigde Staten gaan. Maar door corona ging daar een dikke streep doorheen en toen werd het Leeuwarden." It plan wie om in jier nei highschool te gean. "Ik zou in een gastgezin komen en alles daar meemaken." Se wie al goed twa jier dwaande mei dy dream. "Ik had al een gastgezin en was ingeschreven bij een school. Alleen een vliegticket ontbrak nog."

Heal maaie krige se yn de gaten dat it plan neat wurde soe. "Ik had geen plan B. Ik moest snel een keuze maken." In iepen dei fan de hotelskoalle yn Ljouwert spruts har wol oan. "Ik dacht: we gaan ervoor. Ik vind het hier fijn. Het is net een groot dorp." Se wol wol noch graach Amearika. "Het lijkt me gaaf om te gaan roadtrippen met een VW-busje van oost naar west of andersom."

Noa Jansen

(Advertinsje)
(Advertinsje)