Warskôging foar SC Hearrenfean: "Ajax neemt de beker veel serieuzer"

01 mrt 2021 - 16:42

It is foar SC Hearrenfean de wedstriid fan it jier: de heale finale fan de beker tsjin Ajax. Woansdei wurdt dat duel spile en dus is der yn de SportCast alle reden om foarút te sjen op dy wedstriid. Dat dogge we mei in Ajax-saakkundige dy't ús alle ins en outs fan de klup fertelt. Ek belje wy efkes mei Henk de Jong om te hearren hoe't it mei him is, The Day After dy glânsrike oerwinning op Almere City.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

SC Hearrenfean hopet woansdei fan Ajax te winnen en sa de finale fan de KNVB-beker te berikken. Dan moat it dus wol ôfrekkenje mei de koprinner fan de earedifyzje. Hoe sjogge se dêr nei it bekertreffen?

Mike Verweij folget Ajax foar De Telegraaf en hy falt fuortendaliks mei de doar yn 'e hûs. "Ik heb slecht nieuws voor Heerenveen", fertelt de sportsjoernalist. "De afgelopen jaren nam Ajax de beker niet heel serieus. Maar, in 2019 hebben ze zo'n mooi jaar gehad met de halve finale van de Champions League, het kampioenschap en de bekerwinst, dat ze het geweldig vonden om de beker te winnen. Ik vind dat ze het nu veel serieuzer nemen dan ze de afgelopen jaren hebben gedaan."

Ferdigenjend sil Erik ten Hag, coach fan Ajax, puzelje moatte. Nicolas Tagliafico en Devyne Rensch binne skorst en Noussair Mazraoui is blessearre. Verweij ferwachtet dat der noch in oantal sparre wurde sille: "Ik denk wel dat ze met een paar andere spelers gaan spelen." Hy ferwachtet in 2-1 oerwinning foar Ajax.

The Day After

Henk de Jong hat fannacht min sliept, nettsjinsteande de 2-0 oerwinning op Almere City. Sterker noch, de Drachtster siet healweis twaen nachts foar de telefyzje. "Dan sjoch ik efkes wat sport. Us gearfetting kaam ek foarby", fertelt De Jong. Dêrfan wie de trainer ûnder de yndruk. Hoe sjocht hy nei de einfaze fan de kompetysje? De Ljouwerters spylje noch tolve duels. "Ik tink dat we noch acht kear winne moatte. We krije De Graafschap en NAC noch yn de lêste trije wedstriden. Moast foarôf in goeie rige delsette."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)