Drokte by Wagenborg: passazjiers koene net mear mei

01 mrt 2021 - 16:12

It wie rekôrdrok ôfrûne wykein op de Waadeilannen. Sa drok, dat Wagenborg passazjierstsjinsten freed sels 300 minsken stean litte moast.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It wie benammen it moaie waar fan ôfrûne wykein dat derfoar soarge dat in soad minsken nei de eilannen woene. Direkteur Ger van Langen van de Wagenborg: "De drukte was niet anders dan voorgaande jaren, maar door de coronamaatregelen en het advies om niet teveel te reizen was het natuurlijk wel bijzonder." It gie gemiddeld om ûngefear 600 oant 700 minsken de kear dy't oersetten wurde moasten.

Freed wie it lykwols noch in stik drokker, en koe de boat lang net elkenien meinimme. Dit soarge foar oerlêst: "We hebben de capaciteit beperkt tot 800 mensen, waarna we de hekken hebben gesloten op het moment dat de maximale capaciteit was bereikt. En dat betekende dat er 300 mensen bleven staan. Die zijn in een extra afvaart van het eiland gehaald."

Harkje nei direkteur Ger van Langen fan Wagenborg

Trefwurden: 
Wagenborg feartsjinst
(Advertinsje)
(Advertinsje)