Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters spylje publyk Almere City stil

SC Cambuur hat konkurrint Almere City in gefoelige tik útdield yn de promoasjestriid. Troch de 2-0 oerwinning fan de Ljouwerters is de foarsprong op nûmer trije Almere nammentlik groeid ta tsien punten. De 1.351 supporters dy't yn it Yanmar Stadion by de wedstriid wêze mochten troch it FieldLab-eksperimint, krigen gjin gelegenheid om te juichen. Yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we wiidweidich werom op de topper yn de earste difyzje.
Cambuur Sjoernaal nei de oerwinning op Almere