Oaljefanten yn Artis ite hea út Fryske natuergebieten

01 mrt 2021 - 15:31

Oaljefanten yn bistetún Artis yn Amsterdam krije hea te iten út Fryske natuergebieten. It hea komt fan de gerslannen fan Steatsboskbehear yn Súdeast-Fryslân. Dy wurde fan mids juny oant somtiden oktober ta meand.

Foto: ARTIS, Ronald van Weeren

It gers moat hielendal fuort, om foar te kommen dat oerstallige fiedingsstoffen net wer yn de boaiem komme. Alle jierren wurdt hea fan goed tûzen bunder gerslân ôffierd.

In part dêrfan giet dus nei de oaljefanten yn Artis. Dêr binne se der wiis mei, omdat it in goeie oanfolling is op wat de oaljefanten fierder ite. Oaljefanten kinne goed 100 kilo deis ite.

"Hooi is ongeveer de helft van hun dieet. Kruidig en grof hooi heeft hierbij de voorkeur. We leggen het hooi op verschillende momenten van de dag op verschillende plekken in olifantenverblijf neer. Een deel wordt verstopt in de hooifeeders. Zo zijn de dieren een tijdje bezig om hun eten te verzamelen", seit bistefersoarger Peter Bleesing yn Artis.

Foto: Staatsbosbeheer
(Advertinsje)
(Advertinsje)