Undernimmers Burgum stjoere brânbrief oan boargemaster oer weriepening

01 mrt 2021 - 15:00

Undernimmers yn Burgum freegje boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel yn in brânbrief om fan woansdei ôf alle winkels, hoareka en kulturele ynstellingen wer te iepenjen. Se sizze dat de situaasje net mear fol te hâlden is en dat der falliseminten driigje.

It sintrum fan Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De foarsitter fan de ûndernimmersferiening HIMBO, Erik Meijer, is dúdlik yn it boadskip fan de winkellju en hoareka: "Wij zijn blij met de versoepelingen voor de kappers en beautysalons. Maar ook de andere winkels, horeca en de cultuursector moeten deze week op een verantwoorde wijze hun deuren weer kunnen openen. De schade is enorm en de situatie is niet langer houdbaar."

Boargemaster Gebben jout lykwols oan dat it coronafirus noch hieltyd in te grutte rol spilet yn de mienskip. Wol hat er ferline wike dizze sinjalen fan de ûndernimmers trochjûn oan kollega-boargemasters by it wyklikse oerlis mei de Veiligheidsregio. Der sil ek besocht wurde om út Fryslân wei ien lûd yn de rjochting fan it kabinet hearre te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)