It ferhaal achter: 'Er had zich één club gemeld en dat is FC Kruisband'

01 mrt 2021 - 14:30

Sportferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Andor Faber prate yn de SportCast alle wiken oer allerhanne sportsaken mei in Fryske link of ynfalshoeke. De podcast jout romte foar ferdjipping, mar is bytiden ek in plak foar slop 'ouwehoere'. De útspraak 'Er had zich één club gemeld en dat was FC Kruisband' kaam fan fuotballer Jordy van Deelen. De âld-Cambuurspiler hie de iene nei de oare knibbelblessuere. Sûnder in kontrakt yn de bûse wie der net folle belangstelling foar him, fandêr syn útspraak.

Foto: Omrop Fryslân

"We krije faak reaksjes út de sportwrâld op ús SportCast", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Faak geane de útstjoeringen oer it betelle fuotbal yn Fryslân. No komme de measte spilers net út Fryslân, mar minsken fan binnen SC Hearrenfean en SC Cambuur wol. Wat we hiel moai fine, is dat de beide trainers Johnny Jansen en Henk de Jong geregeld nei de SportCast harkje. Se begjinne der ek wol ris oer tsjin ús, as der wat sein is dêr't se it wol of just net mei iens binne."

Ynteraksje mei it publyk

Ek 'gewoane' harkers litte faak wat fan har hearre. "Dy reaksjes krije we benammen fia social media, om't we fansels net folle minsken tsjinkomme yn dizze coronatiid. Harkers reagearje ynhâldlik op saken út de SportCast, mar se freegje ek wolris wêr't er bliuwt, as er op de fêste tiid noch net online stiet. En we hawwe wolris diskusje oer bepaalde saken, lykas oft Robin Maulun of Mitchel Paulissen spylje moat by Cambuur. As ien fan de beide dan goed spilet of skoart, komt der op Twitter wolris in tweetsje foarby rjochting ien fan ús, dy't dan yn 'it oare kamp' sit. Dat fine we hartstikke leuk, dy ynteraksje mei it publyk."

Andor Faber

Foto: Omrop Fryslân

Sportferslachjouwers stean derom bekend dat se altyd wol prate kinne, dat is ek har fak om ferslach te dwaan by wedstriden, ek de gasten dy't se útnûgje hawwe der wol nocht oan. "Eins wolle de gasten dy't we freegje altyd wol meiwurkje, ek om't it hiel maklik is om te gast te wêzen. Se hoege net fysyk yn de studio te wêzen, mar kinne hiel ienfâldich - fia in app - op topkwaliteit yn de útstjoering komme. Yn coronatiid is dat in útkomst fansels. We fernimme ek dat de toan fan de SportCast, ûntspannen en net altyd hiel serieus, oansprekt by de gasten."

Pakkende kop

Ek gasten fan bûten de provinsje, lykas lêsten kollumnist Marcel van Roosmalen, reagearje eins altyd posityf. "Trochdat gasten net perfoarst nei de studio hoege te kommen, wolle se it ek altyd wol. We fine it wol wichtich dat as gasten fan bûten de provinsje komme, der wol in link is mei Fryslân, SC Hearrenfean of SC Cambuur. Van Roosmalen hienen we frege as Vitesse-supporter omdat Sportklup Hearrenfean dêr tsjin spylje moast. It is altyd wol moai as in gast lekker syn miening jout, lykas Van Roosmalen die. Hy sei dat er de Alvestêdetocht ferskriklik fynt. Dat is dan moai om as kop boppe it artikel te setten dat we ek alle wiken skriuwe foar de webside."

Ferdjipping en ferdivedaasje

Yn in podcast is mear romte om djipper en wiidweidiger op saken yn te gean, de tiid is minder beheind as yn in reportaazje foar radio of telefyzje. Andor Faber fynt it dêrom ek oantreklik om de SportCast te meitsjen. "As sportferslachjouwer hast wolris ekstra ynformaasje, dy'tst net altyd kwyt kinst yn dyn reportaazje. Dêr is yn de SportCast dan wol romte foar. Kinst echt ferdjipping jaan en ik tink dat it dêrom ek nijsgjirrich is foar sportleafhawwers om nei de SportCast te harkjen."

De makkers hawwe noch noait om in ûnderwerp ferlegen sitten. "Oer fuotbal falt alle wiken genôch te bepraten. Sels yn de moannen dat de kompetysje ferline jier stillei, hawwe we genôch ûnderwerpen hân. Dan binne it wol wat oare ferhalen, mei spesjale gasten en harren persoanlike ferhalen. Mar dy sprekke ek oan by harkers, sa fernimme we."

Foar Andor Faber is de SportCast slagge as it foar de harker leuk is om nei te lústerjen. "En as we nijsgjirrige ferhalen bringe kinne fan minsken út de Fryske sportwrâld, dy't oansprekke by ús harkers. Minsken moatte dus foaral harkje as se hielendal op de hichte bliuwe wolle fan wat der spilet yn it Fryske betelle fuotbal. En dêrnjonken sit der ek ferdivedaasje yn mei moaie ferhalen, ek út it ferline."

Sels yn Dominikaanske Republyk wurdt harke

De SportCast is op ferskillende kanalen te belústerjen, sa as Spotify, iTunes, de Podcast-app en de webside en app fan Omrop Fryslân. Dêrtroch is it tal harkers net altyd like goed te mjitten. "We kinne wol konkludearje dat it tal harkers om de tûzen hinne sit. En it grappige is dat der ek tsientallen kearen harke is út it bûtenlân wei, yn België, mar sels ek yn Kanada en de Feriene Steaten. En sels in pear kear út de Dominikaanske Republyk en Spanje wei. Ek dêr wolle se fansels op de hichte bliuwe fan it Fryske fuotbal", laket Andor Faber.

Yn de wyklikse SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân de harkers by oer in ferskaat oan sport - fan keatsen oant betelle fuotbal - altyd mei in Frysk rântsje. De SportCast is te finen yn de podcastapp en op Spotify. Alle wiken komt der ek in artikel online (webside en app) mei dêryn de ûnderwerpen en de gasten fan dy útstjoering.

Omrop Fryslân hat mar leafst 15 podcasts; fan de Pietcast (oer it waar) oant de Boekekast (mei Fryske literatuer) en Fan Binnenút (oer de GGZ) oant Buro de Vries (ferdjipjende radio).

Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder

(Advertinsje)
(Advertinsje)