Museum Sleat wurdt by de tiid brocht: "Wy wolle it spannender meitsje"

01 mrt 2021 - 21:29

Gemeente De Fryske Marren jout in subsydzje fan 60.000 euro oan Museum Sloten. It jild is bedoeld foar de werynrjochting fan de kolleksje fan it museum yn Sleat.

Museum Sloten yn it eardere stedhûs fertelt it ferhaal fan Sleat. Neffens Margriet Agricola fan it museum is it jild tige wolkom: "It is hjir yn it museum allegearre oanlein yn 2000, en dat betsjut dat it no echt wol hiel ferâldere is." Se jout de technyk as in foarbyld. "Dy wie yn 2000 al twaddehâns, en as der no wat stikken giet kinne wy it net mear reparearje omdat de ûnderdielen der gewoan net mear binne."

Nei de werynrjochting is it plan dat it museum tentoanstellingen biede kinne dy't op de aktualiteit rjochte binne. "Wy wolle it spannender meitsje, en wy wolle ek ús besteande guod better sjen litte", want in soad museumstikken sitte no yn lades dy't dreech iepen te meitsjen binne. It is de ferwachting dat de opknapbeurt derfoar soargje sil dat der ek mear toeristen lutsen wurde.

De folsleine opknapbeurt kostet 260.000 euro, wêrfan't de gemeente no dus 60.000 betellet. It museum sels betellet ek in part mei, en dêrnjonken is de hoop fêstige op grutte fûnsen lykas it Mondriaanfûns. Wol bliuwt der no noch in gat fan 180.000 euro oer.

It museum wol ein dit jier mei de werynrjochting begjinne.

Harkje nei in petear mei Agricola

(Advertinsje)
(Advertinsje)