'Fan binnenút': Wa soarget foar in feilich libben?

Omrop Fryslân komt fan 8 maart ôf mei in twadde rige 'Fan binnenút'. Yn de earste searje seach programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan de GGZ. Dizze kear komt se efter de foardoar mei de meiwurkers fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?' jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.
© Omrop Fryslân
By it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid wurkje 250 minsken oan de feilichheid fan tsientûzen húshâldingen. Yngewikkeld wurk, wêrby't de help faak ûnder twang plakhat. De searje lit sjen hoe dreech oft it is om yn te gripen achter de foardoar; de grins tusken privacy en feilichheid. Yn de acht ôfleveringen rint Miranda earst mei by jeugdbeskermers en jeugdreklassearders en de bern dy't ûnder harren tafersjoch stean. Dêrnei sjocht se efter de skermen by Veilig Thuis Friesland. Hoe kinst advys freegje? En hoe kinst in melding dwaan?

"Ik gean mei dizze mefrou mei"

Yn de earste ôflevering op 8 maart it ferhaal fan Dameron. Hy hat it 'foetaal alkohol syndroom'. Hy is mei in krisispleatsing út 'e hûs helle en fertelt dat it lang duorre foardat er syn plak fûn hie. Doe't er jeugdbeskermer Akkelien foar it earst seach, sei er direkt: "Ik gean mei dizze mefrou mei."
Akkelien kin har dat momint noch goed tebinnenbringe. De grutte omkear yn it gedrach en tinken fan Dameron kaam doe't syn heit ferstoar. Yn syn lêste dagen frege heit oan Akkelien goed op syn jonkje te passen. Hiel bysûnder, want Akkelien wit ek noch goed hoe lilk oft syn heit yn it ferline oer de hiele situaasje west hat.

Ynsjoch yn yngewikkeld wurk

"Wy wolle in ynsjoch jaan yn ús, faak lestige en yngewikkelde, wurk. Wêrom't minsken by Jeugd- en Gezinsbescherming en Veilig Thuis Friesland wurkje en wat wy mei ús wurk berikke wolle", seit Marianne Sinot, algemien direkteur fan Regiecentrum Bescherming en Veiligheid.
"Ek wolle wy de sjoggers meijaan dat, as sy it dreech hawwe, der altyd mooglikheden binne om help te freegjen. Boppedat helpt it om it petear oan te gean mei dy buorman of dat famyljelid wêrby't it thús net goed giet", follet direkteur Jeanette Nijland oan.

Triennen yn de eagen

Programmamakker Miranda Werkman kriget in waarm gefoel as se sjocht mei hoefolle ynset oft alle meiwurkers harren wurk dogge. "Ik sil earlik sizze dat de triennen my somtiden yn de eagen sprongen. It is sa heftich as in bern út hûs pleatst wurdt. Elkenien wol it leafst by syn of har eigen heit en mem grut wurde. Mar as dat net kin, hoe moai is it dan dat der oare minsken binne dy't in wichtige rol spylje yn it libben fan in bern, lykas jeugdbeskermers, pleechgesinnen of in mentor op skoalle?"
'Fan binnenút': Wa soarget foar in feilich libben?

Op telefyzje en podcast

'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?' is fan 8 maart ôf alle moandeis om 17.15 oere te sjen op Omrop Fryslân (werhelling elk healoere). Oanfoljend makket Miranda Werkman ek in podcastsearje foar ekstra ferdjipping oer ferskillende ûnderwerpen. Sjoch ek op: Omropfryslan.nl/fanbinnenut.