Gymnasium Beyers Naudé: "In coronaproof roaster is hast hegere wiskunde"

01 mrt 2021 - 13:56

It is noch in hiele útdaging: in coronaproof roaster meitsje. By kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert ha se der hast in deitaak oan, fertelt rektor Dirk-Jan Dekker. "Us roastermakkers ha yn de fakânsje trochwurke om it mooglik te meitsjen dat ús learlingen moandei wer nei skoalle kinne."

Gymnasium Beyers Naude

Om der foar te soargjen dat learlingen sa folle mooglik oardel meter ôfstân fan inoar hâlde kinne, is der yngreven neitocht oer it roaster. "Wa't wannear komt, hinget foar in grut part ôf fan it fakkepakket fan in learling", leit rektor Dekker út. "Wy binne noch altyd dwaande om it roaster fierder te ferbetterjen, sadat learlingen dy't meiïnoar fytse tagelyk ynroastere binne. Tagelyk sjogge wy ek nei bruorkes en suske. It is foar elkenien in grutte puzzel."

Ien tredde is wer te plak

Dochs is al dat tinkwurk net foar neat, want ien tredde fan alle learlingen kin yntusken wer nei skoalle. Dekker: "Wy binne hiel bliid dat alle learlingen der wer binne. Wy sykje no nei de ferbining mei de learlingen dy't thús sitte. Mar gelokkich ha wy in tredde part fan de learlingen wer op skoalle."

Rektor Dirk-Jan Dekker fan Gymnasium Beyers Naudé

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek it grutste part fan de learlingen is wiis dat se wer nei skoalle kin. De reaksjes rinne lykwols wol wat útinoar. Wêr't de iene ferromme sykhelle dat de skoalle wer begjint, fûnen oaren it thús wurkjen krekt wol lekker rêstich.

Reaksjes fan learlingen fan it Beyers Naudé

(Advertinsje)
(Advertinsje)