Soargen oer faksinaasje mei AstraZeneca-faksin fanwegen bywurkingen

01 mrt 2021 - 13:33

In groep meiwurkers fan soarchynstelling Talant hat bot lêst hân fan de bywurkings fan it coronafaksin fan AstraZeneca. Fan de alve dy't de ynjeksje krigen, hiene njoggen lêst fan grypferskynsels. Guon hiene sels in pear dagen boppe de 40 graden koarts. Se ha in melding dien by Bijwerkingencentrum Lareb.

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

De meiwurkers fan Talant binne bot skrokken fan de bywurkings. Ien frou seit dat it fielde as oft se in stevige gryp hân hat. Se is no wer fit, mar is noch al wurch en licht yn de holle. Sy en in oantal oaren wienen in oantal dagen net ynsetber. Yntusken giet it wer goed mei de groep. Dochs sizze guon te twiveljen oft se wol in twadde prik nimme moatte no't se safolle lêst hân ha fan de earste.

Wurdfierder Matthijs Bergsma fan Talant seit op de hichte te wêzen fan it feit dat guon minsken bot lêst ha fan bywurkings. Neffens him is dat op himsels net nuver, om't it ek oanjout dat it lichem hurd oan it wurk is mei in ôfwarreaksje. It advys bliuwt dat meiwurkers in coronafaksin nimme. Ek de twadde prik, want it is net sein dat de reaksje dan gelyk is. It bliuwt lykwols altyd in persoanlike kar, sa seit Bergsma.

Sprieding

Yn Frankryk ha guon soarchynstellings har faksinaasjebelied oanpast. Om't in soad meiwurkers in oantal dagen lêst hienen fan bywurkings lykas koarts is besletten folle mear te sprieden. Dat moat derfoar soargje dat de kontinuiteit fan de soarch net yn gefaar komt.

By Talant wurdt ek oan sprieding dien, seit Matthijs Bergsma. "Je moet er waakzaam op zijn dat niet een compleet team tegelijk gevaccineerd wordt. Juist om de goede zorg te kunnen blijven leveren."

Neffens Bergsma is op it stuit sa'n 20 persint fan it personiel faksinearre. Dat giet om goed 1200 minsken.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de bywurkingen

By Bijwerkingencentrum Lareb binne goed fiiftûzen meldings binnenkaam oer bywurkings nei de faksinaasje tsjin corona. Fierwei de measten gean oer it faksin fan Pfizer/BioNtech. Op it stuit is ien binnenkaam oer AstraZeneca. De list is bywurke oant 21 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)