FRL Post besoarget folle mear pakketten troch online bestellingen yn coronatiid

01 mrt 2021 - 13:06

Troch corona is ús konsumintegedrach rap feroare. We keapje no folle mear online en postbesoargers profitearje dêr flink fan. Sa hat it lanlike PostNL de winst ferdûbele yn ferliking mei ferline jier. Ek yn Fryslân wurde mear pakketsjes besoarge, sa fernimme se by FRL Post yn Ljouwert.

FRL Post - Foto: FRL Post

"De winst is by ús net ferdûbele, we sjogge wol in behoarlike taname yn de pakketten", fertelt logistyk manager Klaas Halma fan FRL Post. "Mar we hawwe begjin 2020 wat tsjinslaggen hân, yn de brievebusbesoarging. We wienen foarhinne ek franchisenimmer foar Sandd. Doe't dy mei PostNL gie, ha we wurk ferlern. En by de reklamefolders ha we wat opdrachtjouwers ferlern. Dus dat hat ús behoarlik wat jild koste. Mar troch corona ha we ekstra folume yn pakketten krigen. Yn jild giet it net om sokke sifers as PostNL."

It folume yn pakketten is ferdûbele. "In part fan ús klanten is relatearre oan e-commerce, dat binne dus webshops. En de webshops groeie enoarm en as sy it goed hawwe, dan ha wy it ek goed. Ek sjogge we dat besteande klanten mear ferstjoere. Gewoanwei binne novimber en desimber drokke moannen foar ús en is it dêrnei rêstich, mar no rint dat gewoan troch yn jannewaris en febrewaris. De pyk giet gewoan troch."

Mear minsken ûntdekke online winkeljen

Hy ferwachtet net dat it bot weromrinne sil as de winkels wer hielendal iepen gean. "It wurdt mooglik wat minder, mar hast elkenien hat no wol it online bestellen ûntdutsen. Ek foaral sechtich- en santichplussers, dy't earder fysyk nei de winkel gienen om wat te keapjen, dogge dat no online. Online hat elkenien te pakken."

It bedriuw kin de drokte noch oan. "We binne al in healjier dwaande mei opskalen. We sjogge dus wol dat der wer wurk by komt. We sitte noch net op it nivo fan ferline jier, kwa minsken yn leantsjinst, mar it giet wol de goeie kant op. We ferwachtsje dat de groei trochset en dêr binne we ek wiis mei."

Klaas Halma fan FRL Post

(Advertinsje)
(Advertinsje)