Hûskes fol, mar hotels misse de boat yn foarjiersfakânsje

In hûske yn in bungalowpark of in hotel op in eilân; hiel wat minsken gongen der ôfrûne wike yn de foarjiersfakânsje dochs efkes op út. Hoe drok wie it eins mei fakânsjefierders yn Fryslân? Neffens Martin Cnossen fan Merk Fryslân wie it behoarlik drok. "Mar der wienen in soad ûndernimmers dy't der mear fan ferwachte hienen."
© ANP Foto
Wêr't hûskes it goed dienen, wie it rêstich yn de hotels, konkludearret Cnossen. "Oer de hiele liny sjogge wy dat hotels it minder goed dienen. Hûskes waarden in protte boekt, mar hienen wol in lege besettingsgraad. Wêr't minsken foarhinne mei 6 minsken kamen, wiene it der no twa of trije as gefolch fan de coronamaatregels."

Oars as oars

Der wienen in hiel soad dingen oars as oars dizze foarjiersfakânsje, fernimt Cnossen. "It wiene dit jier benammen Nederlanners, de gasten út België en Dútslân bleaunen thús. Wat ek oars wie, wie dat minsken hast neat ûndernamen. En as se wol op paad gongen, dan wie it om in kuier te meitsjen troch de natoer. De sektor profitearret dêrom hast net fan dy drokte."

Dûbeld gefoel

Opfallend wie de drokte oan de eastkant fan ús provinsje. Dêr wie de besetting better as gewoanwei. Ek op de Waadeilannen wie it drok. Dochs wie it ek dêr net allinnich 'hosanna', fernimt Cnossen. "Fernimst by elkenien dat der in dûbeld gefoel oerhearsket. Undernimmers en bedriuwen binne bliid dat se wer loskinne, mar ek dat der noch in hiel soad net kin. De ynkomsten bliuwe fier efter."

Plakje feilich stelle

Mei de maaiefakânsje en de simmerfakânsje yn it foarútsjoch binne der al in hiel soad minsken dy't ek alfêst dizze fakânsjes boekt hawwe. Cnossen: "Benammen de simmerfakânsje sjocht der goed út. It binne foaral minsken út eigen lân dy't boekt hawwe. Wy fiele allegear wol oan dat wy ek dizze simmer yn eigen lân bliuwe moatte en minsken wolle harren plakje no alfêst feilich stelle. Dat bart no folle mear as gewoanwei."
Martin Cnossen fan Merk Fryslan