Nei 60 jier ein oan ferkeap fan Tupperware; "Dit wie echt in diel fan myn libben"

01 mrt 2021 - 12:32

Der komt in ein oan it tiidrek fan Tupperware. Wa is net bekend mei de plastik bakjes en keukenguod? It bedriuw hâldt nei 60 jier op mei de ferkeap yn Nederlân. Dizze moandei is de lêste dei dat minsken Tupperware bestelle kinne.

Nei 60 jier ein oan ferkeap fan Tupperware; "Dit wie echt in diel fan myn libben"

It beslút is op it haadkantoar yn Amearika nommen om mei de ferkeap fan Tupperware yn Nederlân op te hâlden. Lieuwkje van der Heide yn Wurdum is konsulinte by Tupperware. Sûnt it nijs bekend waard, stiet de telefoan net stil.

"Ik wit eins net wat my gebeurt, sûnt freedtemiddei. Doe hawwe we te hearren krigen dat it mei yngong fan 1 maart al ophâldt. Dus dat wie frij rap. Ik moast al myn kontakten en klanten noch berjocht dwaan. It rint yn de tûzenen euro's mei de bestellingen, dat wie hiel drok fan it wykein."

Se fynt it ferskriklik dat it samar ophâldt. "We ha net iens tiid om alle minsken te kontakten en dat is hiel spitich. Foar alle Tupperware-konsulinten jildt dat we no hannelje moatte. Je krije gjin tiid om nei te tinken."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It giet my net yn de kâlde klean sitten.

Lieuwkje van der Heide

It rekket har. "It is eins in hobby dy't út de hân rûn is en dat einiget dan sa yn ien kear. Net inkeld mei de ferkeap fan de produkten, mar ek mei it eigen team en kollega's. Alles is yn ien kear gebeurd. Dat giet my net yn de kâlde klean sitten. Noait mear in Tupperware-party, dat sil ik hiel bot misse. Dit wie echt in diel fan myn libben, de lêste tsien jier."

Fan mem op dochter

Yn de rin fan de jierren binne der hieltyd wer nije produkten bykaam, lykas in tapasskaal. "De produkten fan Tupperware stean derom bekend dat se hiel lang meigean, it is duorsum. It is altyd fan mem op dochter gien. It is no de ein fan in hiel moaie tiid. Tupperware is hast yn alle húshâldingen bekend."

Oant jûn let kinne minsken noch guod bestelle by frou Van der Heide.

Lieuwkje van der Heide

(Advertinsje)
(Advertinsje)