Ljouwerter bistepark AquaZoo hat twadde mantsje-iisbear

01 mrt 2021 - 10:55

Bistepark AquaZoo yn Ljouwert hat in twadde mantsje-iisbear krigen. Rocky kaam al yn jannewaris en nei in wenperioade is er yntrodusearre by Felix, de iisbear dy't al in pear jier yn AquaZoo wennet. Beide mantsjes diele no it ferbliuw.

Rocky komt út in Belgysk dierepark. Hy moast dêrwei om't se dêr in nij mantsje krigen yn it ramt fan in fokprogramma. AquaZoo is wiis mei de komst fan it 18-jierrige bist. "We kunnen op deze manier ons steentje bijdragen aan het voortbestaan van deze prachtige diersoort", seit bistefersoarger William Kreijkes. "IJsberen worden in de natuur ernstig bedreigd. Om te voorkomen dat ze uitsterven, is er een fokprogramma opgezet."

Minder iisbearen yn de natuer

Der binne noch mar 26.000 iisbearen yn de natuer. Troch opwaarming fan de ierde is der minder poaliis. "Hierdoor hebben de ijsberen soms niet genoeg tijd om op het ijs te jagen op hun prooi. Dat betekent dat ze interen op hun vetlaag en gewicht inleveren, vaak met de dood tot gevolg. Met het ontbreken van poolijs trekken ijsberen ook vaker dorpen in om voedsel te zoeken, waarbij zij soms worden gedood door de mens."

Foto: AquaZoo Leeuwarden

Earder hie AquaZoo ek twa iisbearen. Oant juny 2019 wenne mantsje Nanu mei Felix yn it park. "Het verblijf is gebouwd voor twee ijsberen, waardoor Rocky gelijk kon intrekken. Met 5.000 vierkante meter hebben ze genoeg ruimte om samen te zijn, maar kunnen beide mannen zich, als ze willen, ook afzonderen", seit Kreijkes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)