Earste wynturbine pleatst by Windpark Fryslân yn de Iselmar

Nei moannen fan tarieding is it moandei safier. De earste wynturbine fan Windpark Fryslân wurdt yn de Iselmar pleatst. Yn totaal wurde der 89 turbinen del set. Hjirmei kin 1,5 terawattuur produsearre wurde. Dat stiet gelyk oan it enerzjyferbrûk fan in heal miljoen hûshâldens. It wynmûnepark is hjirmei it grutste park fan de wrâld yn in binnenwetter.
Windpark Fryslan
De ferwachting is dat it ien oant twa dagen duorret foardat de earste turbine stiet. Moarnsbetiid komme de ûnderdielen mei twa skippen nei de Iselmar. It bouwen set dan útein yn stappen. Earst de toer, dan de motor en as lêste de blêden.

Transformatorstasjon

De earste turbinen wurde fierder yn de Iselmar setten en se wurkje hieltyd tichter nei de Ofslútdyk ta. Neist de turbinen wurdt der ek in transformatorstasjon boud. Hjirmei wurdt de elektrisiteit fan de wynmûnen omset nei heechspanning foar it Fryske elektrisiteitnet. Dit transformatorstasjon wurdt boud op de Ofslútdyk, by it tankstasjon.
Anne de Groot fan Windpark Fryslân en David Molenaar, CEO by Siemens Gamesa

Fertraging

"Voor ons is dit een heel mooi moment," seit projektdirekteur Anne de Groot fan Windpark Fryslân. "Sinds de start van het project in 2008 hebben we er naar toe geleefd. Het wordt nu zichtbaar met de eerste turbine." Der wie noch efkes fertraging, de earste turbine soe eins krekt wat earder pleatst wurde. "Je bent afhankelijk van het weer. Alles moet veilig gebeuren en we hebben een paar kleine technische storingen gehad. Dat is niet erg, als alles eenmaal loopt kan elk installatieschip ook een turbine per dag installeren. Mits het weer goed is en het niet te hard waait."
Neffens David Molenaar, CEO by Siemens Gamesa, is it in grutte operaasje. "Maar het verloopt soepel. De onderdelen worden aangevoerd vanuit Amsterdam. Opbouwen is lastiger dan op land, maar we hebben veel ervaring en er is veel voorbereid."

Coronabubbel

Dat moat ek wol, want ek mei de coronamaatregels moat rekken hâlden wurde. De Groot: "Ik denk dat er nu 400 mensen met de bouw bezig zijn op alle verschillende plekken. Deels in coronabubbels, in ploegendiensten op hotelschepen. Een heel groot project. Een ploeg wordt getest, blijft uit voorzorg twee dagen in quarantaine en na de dienst worden ze weer afgelost." Ek foar Molenaar is de feiligens wichtich. "Het belangrijkste is dat onze mensen veilig kunnen werken. Het heeft geen negatieve gevolgen, behalve dat je een paar dagen moet wachten op de uitslag."

Ferlet fan duorsume enerzjy

Molenaar hat der begryp foar dat der tsjinstanners fan de grutte mûnen yn de mar binne, mar fynt wol dat it nedich is. "Ik begrijp dat als er iets in je omgeving verandert, dat dit lastig en vervelend kan zijn. Maar we hebben behoefte aan duurzame energie. En de wind van zee is erg efficiënt, het is een hele goede bron en dit is een hele geschikte locatie. Dus ik hoop dat iedereen begrijpt dat we dit nodig hebben."