Oant no ta sa'n 38.000 Friezen faksinearre troch GGD Fryslân

01 mrt 2021 - 08:35

Goed seis wike nei it iepenjen fan de earste faksinaasjelokaasje by it WTC Expo yn Ljouwert, giet fan moandei ôf in twadde lokaasje iepen yn Drachten en in wike letter in tredde lokaasje yn Snits. Op dit stuit set GGD Fryslân 1090 prikken deis. Al mei al binne al sa'n 38.000 Friezen faksinearre troch de GGD.

Oant no ta sa'n 38.000 Friezen faksinearre troch GGD Fryslân

De earste prik yn Drachten wie foar frou Van Loo moandeitemoarn. "Ik fiel der neat fan", wie har reaksje. Nils van Mourik fan GGD Fryslân seach hoe't it moandeitemoarn al betiid drok wie op de nije priklokaasje. "Minsken witte dizze lokaasje goed te finen. Dêr ha wy ek ús bêst foar dien, troch yn Drachten ferskate buorden op te hingjen om minsken it paad te wizen."

Net rapper, wol rêstiger

It iepenjen fan de nije faksinaasjelokaasje yn Drachten betsjut net dat der no mear minsken faksinearre wurde kinne. It betsjut wol dat it rêstiger wurde sil by it WTC Expo yn Ljouwert. Dit komt omdat GGD Fryslân maksimaal 1090 faksins deis krijt. Van Mourik: "Wy wolle graach mear faksins, sadat we ek mear minsken faksinearje kinne. Op dit stuit kinne wy yn Drachten 235 minsken op ien dei faksinearje. Dat kinne der 900 of sels 1000 wurde, mar sa folle faksins binne der noch net. Wy moatte it yn totaal dwaan mei 1090 faksins deis foar hiel Fryslân."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Lang wachtsje

Dit oantal fan 1090 faksins is al mear as twa kear sa heech as yn jannewaris, doe't wy yn Fryslân mar 425 faksins deis krigen. Dat kaam doe omdat der yn de Rânestêd mear prikt waard. Yntusken is it tal faksins yn alle provinsjes gelyk lutsen. Fryslân moat noch wol wat langer wachtsje op de faksins dy't bedoeld binne foar de GGZ. Hjir is earst it suden oan bar, en as lêste it noarden.

80-plussers oan bar

Op dit stuit faksinearret de GGD 80-plussers. Ek de útnûgings foar 75-plussers gean dizze wike de doar út. Van Mourik is tige te sprekken oer hoe't it allegear ferrint. "Wy lizze eins noch foar op it skema. Dat hat te krijen mei it feit dat wy in pear wiken lyn mear faksins krigen as pland. Dat kaam omdat it kabinet de foarried oars berekkene hie. Mar it kin ús net rap genôch gean. Dêrom iepenje wy nije wike ek in faksinaasjelokaasje yn Snits en binne wy dwaande mei priklokaasjes op It Hearrenfean, yn Dokkum, Koudum en Frjentsjer. Op acht plakken yn Fryslân wolle wy in priklokaasje ha."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Nils van Mourik fan de GGD

Boargemaster Jan Rijpstra is grutsk op it faksinaasjeplak yn it Fries Congrescentrum yn Drachten. "Ik ben zeer trots op alle mensen die zich hier mee bezig hebben gehouden, ik ben zeer onder de indruk wat hier in relatief korte tijd tot stand is gebracht. Deze vaccinatielocatie draagt bij aan een stukje veiligheid voor iedereen. Dit is allemaal geregeld in goede samenspraak met omwonenden. We hebben mensen die hier wonen actief geïnformeerd over de toeloop de hele dag door van mensen die hier naartoe komen. Dat zijn er nu 235 mensen per dag, maar wanneer er meer vaccins beschikbaar komen, komen er ook meer mensen hier naartoe."

Toplokaasje

Rijpstra is benammen tige te sprekken oer it plak dêr't foar keazen is. "Voor Drachten zelf is het niet zo belangrijk, het is belangrijk voor de mensen. We hebben hier de perfecte locatie in het Fries Congrescentrum, we zijn hebben voldoende parkeergelegenheid en een uitstekende routing. Deze locatie is echt top."

Boargemaster Jan Rijpstra

Oer de sifers

It tal Friezen dat yn totaal op dit stuit al faksinearre is, leit yn werklikheid heger. Dit komt omdat GGD Fryslân net elkenien sels faksinearret. Der komme yn elts gefal noch sa'n 1200 meiwurkers fan sikehûzen by en 460 hûsdokters. Dizze soarchmeiwurkers binne earne oars yn it lân faksinearre. Ek wurde op dit stuit âlderein en handicapten yn soarchsynstellingen faksinearre, mar dêr binne noch gjin sifers fan bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)