Kollum: "Selsfoarsjennend"

01 mrt 2021 - 08:15

"Myn freon appte op in moarntiid: "Ik neem tien kuikentjes mee". Doe't ik de auto it hiem opriden hearde, draafde ik daliks nei bûten om de lytse pykjes oan te krûpen. Se krigen in moai hok yn 'e skuorre. Myn freon wie harren mem. Alle kearen as hy hinne en wer troch de skuorre rûn, draafden se lûd piipjend achter him oan.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Fansels joech ik se ek wolris wat te iten en wat my doe opfoel, wie it tempo dêr't se yn groeiden. It like wol as waarden se alle dagen in kear sa grut! Alle kearen dat ik mei wat fretten kaam, wie it in oerke letter skjin op. "Wat zijn dat eigenlijk voor kuikens", frege ik op in moarntiid nei't ik krekt tsien 'megakuikens' fuorre hie. "Het zijn Ros308", sei myn freon, "oftewel plofkippen".

It idee fan myn freon wie om dizze plofhinnen in better libben te jaan as yn it hinnefabryk. Dêr wurde se nammentlik al nei fiif of seis wiken slachte. By ús meie se lekker yn 'e tún omskarrelje en nei in pear moannen sil myn freon se slachtsje foar in moai feestmiel. Hy sil dit mei syn kulinêre maat dwaan, dy't sels graach hinnen ha wolle soe, mar op tolve heech yn Amsterdam wennet. Moat der in farske hin klearmakke wurde, dan makket hy graach in ritsje nei Fryslân.

It gong allegear krekt as wy betocht hienen. Allinnich myn freon krige hieltyd mear muoite mei it slachtsjen fan 'e bistjes. It die bliken; plofhinnen binne de leafste hinnen dy't der besteane. Se binne sa fokt dat se net agressyf binne en net op inoar om pikke. En datst se sa oppakke kinst, omdat se hielendal net benaud binne. As ik nei bûten ta rin mei fretten dan fleane de 'gewoane' hinnen fuort. De plofhinnen kommen fleurich waggeljend op my ôf en tinke allinne mar: 'fretten, fretten, fretten!'

De lêste trije plofhinnen hoegden de panne dus net yn. It mochten by ús hinnen op leeftiid wurde. En wa wit soe der wol leafde ûntstean tusken de plofhinnen en ús 'gewoane' hinnen. Dêr soe fêst in bysûnder ras útkomme. Wy lieten de bistjes mei rêst en genieten fan it idee dat we se in moai libben jaan soenen. Alteast, wy tochten dat we harren in moai libben jaan soenen...

Op in moarntiid seagen we de hoanne hiel frjemd op syn kont sitten. De poaten rjocht foarút. Wat wie it gefal? Hy wie troch syn poaten sakke. Syn poaten koenen syn grauwe plofhoanne-liif net mear tille. Myn freon hat him út syn lijen ferlost. Seis-en-in-heale kilo wie er! Dat is like swier as in kalkoen.

Us plan om de plofhinnen in better libben jaan, mislearre folslein. Deagean omdatst troch dyn poaten sakkest, dat is in wol hiel begrutlik ein. Myn freon en ik wiene der mei oan. Wy waarden der hiel bot bewust fan it feit dat it fenomeen 'plofhin' troch de minske sels kreëarre is. Ast in plofhin âld wurde litte wolst, dan moast it bist úthongerje. Oars dan ûntploft er!

Foar ús gjin plofhinnen mear. Oare kear mar wer gewoan wat Barnevelders. Neffens my stean der hjir flakby in pear te keap. En hiene se dêr ek net pauwen?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)