Biblioteek Boalsert klear foar nij haadstik yn nij sintrum De Tiid

01 mrt 2021 - 07:25

De biblioteek fan Boalsert sit sûnt moandei 1 maart yn it nije ûnderkommen yn it eardere gemeentehûs yn de stêd. De ôfrûne wiken waard der hurd wurke om de tûzenen boeken op it nije plak yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid te setten. Besikers binne fanwege corona noch net wolkom yn it gebou, mar de boeken kinne wol ôfhelle wurde. En sa begjint de Boalserter biblioteek op in bysûndere wize oan in nij haadstik.

Foto: ANP Foto

De ôfrûne tiid is der hiel wat wurk ferset, fertelt Els van Wier, koördinator fan de ferhuzing. "Een bibliotheek verhuizen is iets anders dan een kantoor verhuizen, er zijn heel wat spullen die je over moet brengen. We waren heel ruim behuisd op onze locatie aan het Marktplein, dus we hebben een beetje moeten passen en meten om de collectie goed in onze nieuwe gebouw te krijgen. Maar dat is niet zo erg, want de collectie staat niet langer alleen centraal. Het gaat ook steeds meer over wat er te doen is in de bibliotheek. Daarin zoeken we de samenwerking met de andere partijen in het gebouw."

Frisse kolleksje

In oantal fan dy oare partijen sit yntusken ek yn it gebou, mar it is noch wachtsjen op bygelyks de musea dy't fan it simmer pas iepen kinne. Mei in bytsje gelok kin dan ek it iepeningsfeest hâlden wurde. "We hopen dat we in september onze prachtige, nieuwe locatie feestelijk kunnen openen", fertelt Van Wier. "Maar ik hoop nog meer dat bezoekers eerder al langs mogen komen om onze nieuwe frisse collectie te ontdekken."

Els van Wier fan de Boalserter biblioteek

Trefwurden: 
Boalsert biblioteek De Tiid
(Advertinsje)
(Advertinsje)