Nordwin College docht de doarren wer iepen foar learlingen

01 mrt 2021 - 07:02

Moandei 1 maart is foar in soad middelbere skoallen en mbo-opliedingen in bysûndere dei. Fan no ôf mei wer fysyk les jûn wurde op skoallen. Ferline wike tiisdei makke it kabinet bekend dat de skoallen wer los meie. Op it Nordwin College op It Hearrenfean begjinne se dizze wike ek wer mei lessen op lokaasje. "We hebben heel goede hoop dat we in ieder geval één dag of misschien wel weer meer open kunnen voor onze leerlingen", fertelt direkteur Ageeth Nijboer.

Nordwin College - Foto: Omrop Fryslân

Moandei bliuwe de doarren noch ticht fan it Nordwin College op It Hearrenfean. Dat is net om't se der noch net klear foar binne, jout Nijboer oan. "We hebben ons de afgelopen weken al gedegen voorbereid om er voor te zorgen dat iedereen weer in de school zou passen, maar op maandag past het simpelweg niet. Vooral de anderhalve meter is echt een uitdaging. We willen graag alle leerlingen weer ontvangen, maar vooral in de hal en in de kantine is het lastig om er voor te zorgen dat iedereen op andere halve meter blijft. Vandaar dat we later deze week starten."

Fokus op jier 1 en 2

Net alle learlingen kinne tagelikertiid wer nei skoalle ta, leit de direkteur út. "In principe komt iedere leerlingen in ieder geval weer een dag per week naar school. Het gaat ons vooral om jaar 1 en 2, want leerlingen uit het examenjaar en het derde jaar kwamen al naar school. We willen nu ook voor jaar 1 en 2 weer praktijklessen, gymlessen en mentorlessen verzorgen. Zo willen we zien hoe het met onze leerlingen gaat en waar ze staan."

Wer efkes normaal

Sels is Nijboer ferromme dat de skoalle wer iepen mei. En sy is net allinnich. "We merken ook van leerlingen dat ze zelf heel blij zijn dat ze elkaar weer zien. Het is het stukje ongedwongenheid, het gevoel dat je weer normaal kunt doen."

De grutte fraach is fansels oft de doarren oant de simmerfakânsje ek echt iepen bliuwe kinne. "Alles hangt nauw samen met de besmettingscijfers", wit de direkteur. "We hopen natuurlijk dat die cijfers gaan dalen, maar ik verwacht niet dat dit heel snel gaat en dat we de leerlingen weer volledig kunnen uitnodigen. Maar het begin is er in ieder geval."

Direkteur Ageeth Nijboer fan it Nordwin College

(Advertinsje)
(Advertinsje)