Dichter fan Fryslân Nyk de Vries skriuwt gedicht foar de helden fan de ôffal

02 mrt 2021 - 16:00

It is de Wike fan de Offalhelden. Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat spesjaal foar it 150-jierich jubileum fan de Leeuwarder Stadsreiniging it fers 'Asman' skreaun. Sûnt dizze wike is ek de koarte poëzyfilm mei deselde namme as it fers te sjen by Omrop Fryslân.

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje.

Foto: Omrop Fryslân

Fan novimber ôf binne by Omrop Fryslân op telefyzje ferfilmingen te sjen fan dizze fersen. Sa hawwe 'Begjin' en 'Hoe komt it moarn' earder al te sjen west by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)