LDODK en Blauw-Wit hâlde inoar yn doelpuntryk duel yn lykwicht: 31-31

28 feb 2021 - 18:00

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei lykspile tsjin Blauw-Wit út Amsterdam. Op De Gordyk waard it yn in doelpuntrike wedstriid 31-31.

Marloes Frieswijk LDODK-BW

Beide ploegen holden inoar al fan it begjin ôf yn lykwicht. Nei in kwart fan de wedstriid wie it 9-9. Fia twa treffers fan Marloes Frieswijk en ek twa fan André Zwart koe LDODK it earste gatsje slaan (14-10), mar de Amsterdammers kamen sterk werom. By it skoft stie der mei 19-19 in likense stân op it skoareboerd.

Spannende twadde helte

Nei it skoft kamen de Amsterdammers foar it earst op foarsprong en liken sels definityf ôfstân te nimmen fan de Fryske ploech. De besikers skoarden fluch efter inoar fjouwer doelpunten en kamen dêrmei op 19-23. Yn in sterke faze wist LDODK lykwols dochs wer oan te heakjen en sels foar te kommen (27-26) . De einfaze gie yn mei in stân fan 29-31. Dêryn skoarde Blauw-Wit net mear en koe LDODK dochs noch gelyk komme. Ynfaller Christian Dekkers makke 26 tellen foar tiid de lykmakker (31-31) en soarge foar in swierbefochten, mar terjochte puntendieling.

Topskutters

Marloes Frieswijk wie namens LDODK op skot mei 10 goals. Erwin Zwart skoarde acht kear en is op it stuit topskutter yn 'e League mei 42 goals.

André Zwart, LDODK-BW

Mei noch trije wedstriden te gean foar de skifting is it noch hieltyd spannend yn de A-pûl fan de Kuorbal League. Blauw-Wit en LDODK stean mei sân punten respektyflik op it twadde en tredde plak. Dy plakken jouwe rjocht op in plakje yn de play-offs om it kampioenskip. Mar Groen Geel en KZ binne mei seis punten ek noch yn de race.

KUORBAL LEAGUE

STÂN DUELS PUNTEN
1. PKC 7 14
2. LDODK 7 7
3. Blauw Wit (A) 7 7
4. Groen Geel 7 6
5. KZ 7 6
6. Oost-Arnhem 7 2
(Advertinsje)
(Advertinsje)