Hûnderten Cambuurfans fiere feest yn Ljouwert nei oerwinning op Almere

28 feb 2021 - 17:28

Hûnderten supporters fan Cambuur hawwe sneintemiddei de spilersbus fan Cambuur opwachte. Dat barde mei in soad fjoerwurk en gesang. De supporters fierden dêrmei de oerwinning fan de Ljouwerter fuotbalklup earder op snein yn de topper tsjin Almere City FC.

De coronamaatregels waarden by it feest troch in soad minsken net yn acht naam. De plysje hat foar safier bekend net yngrepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)