Cambuur beslist topper mei twa korners: "Dat neame wy 'gratis' goals"

SC Cambuur wie sneintemiddei op besite by Almere City mei 0-2 te sterk. Dêrmei setten de Ljouwerters in grutte stap yn de rjochting fan promoasje nei de earedifyzje. It gat mei de nûmer trije fan de kompetysje is no tsien punten. "Maar we moeten niet vooruitlopen", seit Ragnar Oratmangoen, dy't ien fan de doelpunten foar syn rekken naam.
Cambuur skoarde fia Oratmangoen en Jarchinio Antonia twa kear út in korner. "Martijn Barto en Pascal Bosschaart (assistint-trainers, red.) binne dêr hieltyd mei dwaande", seit trainer Henk de Jong oer de ynstudearre korners fan de Ljouwerters. "Dat is net te dekken. Dat is neffens my de tsiende of alfde korner dy't der yn giet. Dat neame wy 'gratis' goals. As der mar ien stiet, dan giet dy der yn."
"Ingestudeerd cornertje, hè", befestiget Robert Mühren. "Eerste paal en we koppen hem door en bij de tweede paal kopt Jarchinio hem binnen. Dat is mooi dat we daar altijd op trainen. Als dat gebeurt dan geeft dat extra glans."

Folwoeksen

De oerwinning kaam nei de iepeningstreffer eins nea yn gefaar. De Jong is dan ek bliid mei it 'folwoeksen spul' fan syn ploech. "Eins sûnder dat der wat bart, hawwe we de wedstriid yn hannen. Dêr bin ik it meast tefreden oer."
Topskoarer Mühren kin him fine yn dy wurden. "Als je zo'n belangrijk potje zo kan afsluiten en zo degelijk speelt, en zo weinig weggeeft. Dan mogen we zeer tevreden zijn", seit Mühren.

Publyk

By de wedstriid mocht fanwegen wittenskiplik ûndersyk nei de fersprieding fan it coronafirus publyk oanwêzich wêze. Allinnich mar fans fan Almere City, mar dat makke Oratmangoen net in soad út. "Dat was echt genieten. Toen we het veld opkwamen en je ziet weer mensen zitten en je hoort muziek en mensen. Dan zijn ze weliswaar van de tegenstander, maar dat maakt dan even niet uit. Daar geniet je net zo goed van. We spelen al weer bijna een jaar zonder publiek. Je zou het bijna vergeten hoe snel het gaat, maar ik heb er echt van genoten", seit de doelpuntemakker.
Mei de trije punten tsjin Almere stiet Cambuur no tsien punten foar op it tredde plak. In grutte stap rjochting earedifyzje, mar de trije manlju bliuwe noch foarsichtich. "Het is nog heel lang tot mei", seit Mühren. Ek De Jong is tebekhâldend: "Ik bliuw dêr moai rêstich yn, mar we binne op de goede wei. Dat is dúdlik."
Foar de Ljouwerters steane no noch tolve kompetysjewedstriden op it programma. "Dan moatte we der noch acht winne", seit De Jong.