Groep Cambuursupporters foar neat nei wedstriid yn Almere

28 feb 2021 - 16:08

In groep mei Cambuursupporters is snein foar neat nei Almere ôfreizge. Dat meldt Omroep Flevoland. De supporters woene nei it duel mei Almere City FC, mar waarden tsjinholden troch de plysje.

Foto: Orange Pictures

De supporters fan Cambuur sammelen harren dêrnei teloarsteld by de Lepelaar lâns de A6, wêrnei't se ûnder tasjend each fan de plysje oan de weromreis begûnen. Neffens de plysje wie de sfear gemoedlik en binne der gjin minsken oanholden.

It duel tusken Almere en Cambuur waard mei 0-2 wûn troch de Ljouwerters. By de wedstriid wiene 1.351 taskôgers oanwêzich fanwegen wittenskiplik ûndersyk nei de fersprieding fan it coronafirus. Allinnich seizoenkaarthâlders fan Almere City kamen yn oanmerking foar in wedstriidbesite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)