Sander Arends pleatst him foar World Tennis Tournament yn Rotterdam

Tennisser Sander Arends hat him sneintemiddei pleatst foar it haadtoernoai fan it World Tennis Tournament yn Rotterdam. Tegearre mei David Pel wie hy yn de finale fan de kwalifikaasje mei 6-3 en 7-5 te sterk foar Divij Sharan út India en Igor Zelenay út Slowakije.
© Orange Pictures
Sneon wiene Arends en Pel yn de earste ronde fan de kwalifikaasje mei 6-3 6-4 te sterk foar it koppel Nielsen/Puetz. Dat Arends tegearre mei Pel spilet is opfallend. De twa foarmen ferline jier in fêst koppel, mar giene nei ôfrin fan it seizoen út inoar. De gelegenheid wie der no om dochs wer foar ien kear as duo de baan op te gean.
Yn de earste ronde fan it haadtoernoai moatte Arends en Pel it no opnimme tsjin Jeremy Chardy en Fabrice Martin út Frankryk.