Kleaster Skiermûntseach lang om let iepene

28 feb 2021 - 15:05

It kleaster op Skiermûntseach is snein lang om let iepene. De hanneling waard ferrjochte troch biskop Ron van den Hout fan bisdom Grins-Ljouwert. In nije ûnderkommen yn de eardere herberch Rijsbergen soe yn earste ynstânsje al yn 2019 iepene, mar de ferbouwing is troch omstannichheden pas yn 2020 úteinset.

Kleaster Skiermûntseach lang om let iepene

Yn it kleaster is ek romte foar gasten dy't yn alle rêst op it eilân ferbliuwe wolle. Dit kin yn it saneamde gastehûs. De reservearringen fan maart moasten al wol ôfsein wurde yn ferbân mei it coronafirus. Wannear't de earste gasten no wol komme kinne, is noch net dúdlik. De mûntsen en de gasten libje wol apart fan elkoar. De kapel is de mienskiplike romte.

Abt Alberic neamt it plak perfekt. It histoaryske gebou hat neffens him de sfear dy't in kleaster nedich hat. De mûntsen binne al sûnt 2015 op Skiermûntseach. Plannen foar nijbou hellen it net fanwege in soad ferset fan de befolking dêrtsjin.

Foto: Nachtzon Media
Trefwurden: 
Skiermûntseach kleaster
(Advertinsje)
(Advertinsje)