SC Cambuur set grutte stap yn promoasjestriid mei oerwinning op Almere City

28 feb 2021 - 14:07

SC Cambuur hat sneintemiddei in wichtige stap set yn de striid om promoasje nei de earedifyzje. Yn de topper tsjin de nûmer trije fan de kompetysje, Almere City FC, wiene de Ljouwerters mei 0-2 te sterk.

Foto: Orange Pictures

Nei in senuweftige iepeningsfaze ûnder it tasjend each fan 1.351 taskôgers kamen de Ljouwerters yn de 26e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Jarchinio Antonia. Nei in korner fan Robin Maulun kopte Robert Mühren troch en koe Antonia de bal by de twadde peal binnenkoppe.

Twa minuten letter ferdûbele Maulun hast de foarsprong. De Frânske middenfjilder krige frije trochgong fan de Almeerske ferdigening, mar skeat fan de râne fan de sechstjin meter inkelde sintimeters neist. De iennige grutte kâns fan de thúsploech kaam op namme fan John Yeboah. De hierling fan Willem II kaam oer de fleugel foar de goal fan Stevens, mar mikte de bal krekt neist.

It publyk by Almere City - SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

Ek yn de twadde helte wie it de ploech fan trainer Henk de Jong dy't it spul makke. Dat brocht Mees Hoedemakers mei hast in oere op de klok ta in grutte sjitkâns, mar dêrop hie doelman Michael Woud noch krekt in antwurd. Ek Mühren wie yn de 70e minút tichteby in treffer, mar syn skot gie lyk neist de krusing. De ferlossende treffer kaam úteinlik pas yn de 87e minút doe't Ragnar Oratmangoen in korner binnenkoppe koe.

De echte wil om te winnen like sneintemiddei net oanwêzich by de thúsploech. In slotoffinsyf kaam der dan ek net, wêrtroch't de oerwinning fan de Ljouwerters op gjin inkeld momint mear yn gefaar kaam. Dêrmei ferlear de ploech út Flevolân foar it earst sûnt 14 febrewaris 2020 wer ris in thúswedstriid. Ek doe wie Cambuur de tsjinstanner (0-1).

Mei de nipte oerwinning op Almere giet Cambuur no mei 63 punten út 26 wedstriden oan kop yn de Keuken Kampioen Divisie. De Graafschap folget op it twadde plak mei 57 punten. It gat mei nûmer trije Almere is no tsien punten, mar sy hawwe noch wol in wedstriid tegoede.

Almere City FC - SC Cambuur 0-2 (0-1): 26' 0-1 Jarchinio Antonia; 87' 0-2 Ragnar Oratmangoen.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Oratmangoen, Hoedemakers, Maulun; Antonia (77' Sambissa), Mühren, Kallon (63' Korte).

(Advertinsje)
(Advertinsje)