Paradressuerrydster Rixt van der Horst wint trije dagen op rige yn Katar

De Fryske paradressueramazône Rixt van der Horst hat by wedstriden yn Katar bêste seges behelle. Se naam har team op sleeptou yn de lannewedstriid en wûn sa trije dagen op rige.
Rixt van der Horst, hjir op argyffoto © Anne van der Horst
Op dizze wize hat Rixt van der Horst wedstriidritme opdien foar de Paralympyske Spelen yn Tokio. Dy stean - yn prinsipe - op it programma foar ein augustus begjin septimber fan dit jier.