Mist bliuwt frij lang hingjen, benammen yn noardlik Fryslân

28 feb 2021 - 10:01

De dize bliuwt snein frij lang hingjen, benammen yn it noarden fan de provinsje. Dat seit waarman Piet Paulusma. As de mist oplûkt, betsjut dat net dat wy him kwyt binne, want hy kin samar ynienen weromkomme. De temperatuer leit nachts om it friespunt hinne. Letter yn de wike wurdt it oerdeis ek wer wat kâlder.

De situaasje om njoggen oere hinne yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De dize lûkt hjir en dêr al wer wat op, sei waarman Piet Paulusma sneintemoarn om njoggen oere foar Omrop Fryslân Radio. Op guon plakken, lykas yn Boalsert, is it al folop sinneskyn. Dêr frear it sneontenacht oardel graad. Ljouwert en Starum melde mist en rypfoarming en hast in heale graad froast. Mei dit soart temperatueren is der yn de hiele provinsje kâns op glêdens, warskôget Paulusma.

Tichte mist

De mist bliuwt it langste hingjen yn noardlik Fryslân. Dêrnei is der bewolking en sinneskyn mei oerdeis 7 oant 9 graden. Der stiet in swakke wyn út noardeast. Yn de jûn en nacht tichte mist en kâns op grûnfroast.

Moandei kin it ek noch lang mistich wêze. Tiisdei en woansdei in soad sinneskyn en temperatueren oerdeis tusken de 7 en 11 graden.

It KNMI hie foar de sneontejûn en de nacht fan sneon op snein koade giel ôfkundige fanwege de mist.

Piet Paulusma, sneintemoarn 9 oere

Trefwurden: 
Piet Paulusma dize mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)