ARGYF: Fryslân yn 2009 yn de besnijing fan de Meksikaanske gryp

Ein april 2009 waard it earste besmettingsgefal yn Europa mei in nije grypfariant fêststeld. It gie om it Influenza H1N1-firus dat in syktebyld feroarsake dat earst de bargegryp en letter de Meksikaanske gryp neamd waard. Letter die bliken dat bargen gjin rol spilen by de fersprieding fan it firus. De útbraak begûn yn Meksiko, dêr't it firus al in grut tal slachtoffers makke hie. Reisburo's reagearren alert op minsken dy't nei Meksiko reizgje woene.
Omrop Fryslân ynformearre yn april 2009 nei de maatregels by in reisburo en spruts in Fryske studint oer de needtastân yn Meksiko:

Tariedings yn de soarch

Doe't de wrâldsûnensorganisaasje WHO yn april 2009 warskôge dat de driging ek yn oare dielen fan de wrâld grutter waard, namen de Fryske sikehuzen maatregels om sa goed mooglik ynspylje te kinnen op in mooglike útbraak. De Dokterswacht en GGD Fryslân setten ekstra personiel yn om hieltyd mear ûngerêste minsken mei klachten telefoanysk te wurd te stean. Apoteken hiene Oseltamivir en Tamiflu yn hûs helle en bestelden ekstra kueren om risikogroepen gau helpe te kinnen.
Letter waard ek by gemeenten en oare ynstellings achter de skermen drok wurke oan faksinaasjes, opfangkapasiteit en oare medyske help. Der waarden draaiboeken makke foar it gefal dat 30 persint fan de befolking siik thús kaam te sitten.

Faksinaasjes

Yn novimber 2009 gie it op grutte skaal los mei de faksinaasjes tsjin de Meksikaanse gryp. Earst wiene risikogroepen as 60-plussers, swangere froulju en astmapasjinten oan bar. Sy moasten trije wiken letter in twadde prik helje. Letter waarden ek bern fan in healjier oant fjouwer jier oproppen, om't sy faker siik wurde soene as folwoeksenen. Ek húsgenoaten fan bern jonger as seis moannen koene in prik helje. Al mei al krigen tûzenen minsken op fyftjin plakken yn de provinsje de Meksikaanske-grypprik. De twadde faksinaasjeronde folge yn desimber 2009.
Ek al waard der diskusearre oer mooglike bywurkingen fan it faksin, dochs stiene de minsken op 9 novimber 2009 yn de rige om faksinearre te wurden:

In hype?

Op 24 july 2009 waard offisjeel de Meksikaanse gryp fêststeld by twa Friezen dy't de besmetting oprûn hiene op fakânsje yn it bûtenlân. Dat tal wie mids augustus 2009 oprûn nei acht gefallen, mar dêrmei wie Fryslân noch wol de minst besmette provinsje. Alle acht pasjinten wiene boppedat bûten de provinsje besmet rekke.
Op 23 oktober 2009 wie der offisjeel sprake fan in Meksikaanske-grypepidemy yn Nederlân. Wol gie it om in mylde foarm fan gryp dy't faak nei in pear dagen wer oer wie. Pasjinten dy't net yn in risikogroep foelen moasten thús better wurde en ferplichte in tal dagen yn 'e hûs bliuwe.
Ek yn 2010 hie de Meksikaanse gryp in myld ferrin yn Nederlân. Sûnt 2011 wurdt de Meksikaanse gryp as in gewoane gryp behannele en sitte de ynintings standert yn it grypfaksinaasjepakket foar risikogroepen.
Om't it tal besmettingen ynearsten ta like te fallen, waard der yn 2009 al gau sprutsen fan in 'hype':