Noppert hellet heale finale op tredde Players Championship

Darter Danny Noppert hat sneontejûn yn Bolton de heale finale helle op it tredde Players Championship fan it jier. De 30-jierrige Jouster ferlear úteinlik mei 7-3 fan Joe Cullen.
© Lawrence Lustig, PDC
Noppert wûn earder op de dei ûnder mear fan Callan Rydz (6-5) Eddie Lovely (6-0) en Johnny Clayton (6-4). Tsjin Cullen, dy't ôfrûne tongersdei it earste fliertoernoai fan it nije dartseizoen wûn, koe de Jouster it net bolwurkje.
It Players Championship fan sneon waard in proai foar Raymond van Barneveld. De fiiffâldich wrâldkampioen, dy't dit jier weromkeard is op it profesjonele sirkwy, hie in geweldige dei en wie yn de finale mei 8-6 te sterk foar Cullen.