Fytspont Grou krijt in nije thúshaven

27 feb 2021 - 20:45

De fytspont fan Grou hat mei yngong fan 1 april in nije thúshaven. De pont, dy't nei de Hellingshaven yn it doarp fart, set dan ôf by restaurant Oan 't Wetter op wetterpark Yn 'e Lijte. Earder wie restaurant De Vrijheid de thúshaven, mar dat is op it stuit ticht.

De fytspont fan Grou oan de âlde steger by restaurant De Vrijheid - Foto: A. Zijlstra

Restaurant De Vrijheid is nammentlik ferkocht. Om't de hoarekafunksje yn dat gebiet fuortfalt, is der keazen foar in nij plak.

Grou Aktief, eigener fan de fytspont, is bliid dat it wetterpark it oanlisplak beskikber steld hat. De nije eigeners fan De Vrijheid hawwe in finansjele bydrage levere foar de nedige oanpassings.

Der meitsje elts jier sa'n 35.000 passanten gebrûk fan it pontsje.

Trefwurden: 
Grou fytspont
(Advertinsje)
(Advertinsje)