KNMI kundiget koade giel ôf fanwegen tichte dize

27 feb 2021 - 20:29

Yn de nacht fan sneon op snein en sneintemoarn is der yn Fryslân en op ferskate oare plakken yn it lân kâns op tichte dize. It sicht is dan minder as 200 meter. It KNMI hat dêrom foar it folsleine lân, mei útsûndering fan Limboarch, koade giel ôfjûn.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sneontejûn is der al sprake fan tichte dize yn Fryslân, Noard- en Súd-Hollân en Flevolân. Letter op de jûn wreidet dy fierder út it lân yn. Yn de rin fan sneintemoarn lost de tichte dize op.

It KNMI warskôget dat troch it minne sicht gefaarlike rydomstannichheden ûntstean kinne.

Trefwurden: 
koade giel dize tichte dize
(Advertinsje)
(Advertinsje)