UPDATE: Nyck de Vries 9e yn gaoatyske Formule E-race yn Saûdy-Arabië

Autokoereur Nyck de Vries is sneon 9e wurden yn de twadde race fan it wrâldkampioenskip foar elektryske sportauto's fan it seizoen. De Twellingeaster, dy't freed de earste race noch wûn, moast troch technyske swierrichheden fan it tweintichste plak ôf starte.
© Mercedes-EQ Formula E Team
Dêr't Mercedes-koereur De Vries freed noch poleposition pakte en de race wûn op it sirkwy yn Al-Diriyah, kaam er sneon net ta in tiid yn de kwalifikaasje. Nei in ûngelok fan koereur Edoardo Mortara moast Mercedes, dat in tal deselde ûnderdielen brûkt as it team fan Mortara, de auto's binnen hâlde fan de sjuery.
Nei ûndersyk die bliken dat in flaterke yn de software soarge foar in probleem mei de remmen. Nei't dat ek by Mercedes oplost wie, mochten De Vries en teammaat Stoffel Vandoorne de jûns dochs fan start gean.

Rappe start

Omdat de Twellingeaster de kwalifikaasje mist hie, moast er fan plak 20 ôf starte. Al yn it earste rûntsje helle De Vries twa koereurs yn. Dêrnei sakke er lykwols werom nei it 21e plak. De race waard efkes stillein nei't âld-Formule 1-koereur Pascal Wehrlein Jake Dennis yn de muorre drukte.

Utfallers en ynhelmanoeuvres

Dat levere De Vries fuortendaliks in plakje op, want Dennis moast opjaan. De Twellingeaster helle mei it rapste rûntsje oant doe ta ek Nato yn. Hy kaam op it 19e plak. Nei ûndersyk fan de sjuery krige Wehrlein ek noch in tiidstraf en dat smiet opnij in posysje op foar De Vries.
De Vries hie mei noch goed in kertier te gean noch wat stroom oer yn de akku en makke him klear foar in oanfal. Foar't it safier wie, foelen lykwols Buemi, Günther, Lynn en Evans út, opnij reden foar de sjuery om de race stil te lizzen.
It duorre salang om de skea op te romjen, dat de race net wer fan start gie. De Vries stie op dat stuit op it 14e plak.

De Vries nei 9e plak

Omdat in tal koereurs nei de race noch in straf krige, einige de Twellingeaster op it njoggende plak. De winst gie nei Sam Bird, foar Nederlanner Robin Frijns.