Sportskoallen slepe tastellen nei bûten as protest tsjin coronamaatregels

27 feb 2021 - 18:40

Sportskoallen yn it hiele lân setten sneon de tastellen bûten. Dat diene se út protest, om omtinken te freegjen foar it feit dat se noch altyd net iepen meie. Fyftjin Fryske sportskoallen diene mei. "We willen graag dat mensen weer in beweging komen. Dat is goed voor je gestel en ook goed voor je weerstand. Zo kunnen we dus ook iets doen tegen corona", fertelt eigener Han de Hair fan sportskoalle Gymnasion op De Jouwer.

Sportskoallen slepe út protest tastellen nei bûten ta

Finansjeel krije hieltyd mear sportskoallen it dreech. Dochs is dat net de grutste reden foar dit protest. "We willen ook dat mensen weer bij ons kunnen komen sporten. Daarnaast is bij ons ook het sociale aspect heel belangrijk", leit Erwin Boonstra, eigener fan sportskoalle URSUS yn Ljouwert, út. "We zijn nu in totaal al zo'n zeven maanden dicht geweest. Dat is allemaal tijd die mensen kwijtgeraakt zijn aan goed sportief bezig zijn."

Ek binnen sporte

By de protestaksje, dêr't sa'n 342 sportskoallen út it hiele lân oan meidiene, waard goed rekken hâlden mei alle coronamaatregels. Op dit stuit meie je as sportskoalle mei in lyts oantal minsken bûten sporte.

Mar dit soe ek binnen kinne moatte, leaut De Hair: "We kunnen hartstikke veilig werken. We hebben overal vakken afgetapet, overal staat desinfectiemiddel en we hebben zelfs spatschermen geplaatst. Daarnaast is in de eerste lockdown bewezen dat er ongelooflijk weinig besmettingen zijn geweest in de fitnessclubs."

Boonstra is it dermei iens: "Sommige sectoren kunnen gewoon weer op een veilige manier open. Besmettingen zijn zo laag, er is geen reden om ons nog dicht te houden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)