Cambuur Sjoernaal: Twa twivelgefallen, Almere City wol wat goedmeitsje

It belooft in kreaker te wurden, it duel tusken SC Cambuur en Almere City. De Ljouwerters steane boppe-oan yn de earste difyzje en Almere City is de nûmer trije. As Cambuur wint, komt de klup tsien punten foar op de Almeerders en dat betsjut dat promoasje nei de earedifyzje wol hiel tichtby komt. Mar, der binne wol wat personiele problemen by de Ljouwerters. Hokker dat binne, sjogge we yn it Cambuur Sjoernaal. Dêryn sjogge we ek efkes yn Almere, dêr't trainer Ole Tobiasen Cambuur de favoryt neamt foar de wedstriid fan snein.
Cambuur Sjoernaal foar duel mei Almere City