Reedrydster Reina Anema siket donateurs om seizoen ôf te meitsjen

Reedrydster Reina Anema siket nei sponsoaren en donateurs. De Gordykster is al troch har budzjet foar it seizoen hinne en kin har mooglik net goed tariede op it kommende seizoen. En dat wylst se oar jier nei de Olympyske Spelen ta wol.
© Orange Pictures
Mei in donateursaksje besiket Anema no jild op te heljen om it seizoen goed ôf te sluten. Se is lid fan Team Frysk, mar omdat dat gjin kommersjele ploech is, is der net genôch jild om alles foar alle riders te beteljen, fertelt Anema. "Dat betsjut dat wy as riders sykje moatte nei sponsoaren en donaasjes."
Har doel fan 2.500 euro is noch net helle. "Ik ha yntusken 38 persint helle, begjin fan de wike wie dat noch 20 persint", fertelt Anema. "Ik bin hiel bliid mei eltse lytse donaasje, dat fyn ik echt super leaf. Mar it soe moai wêze as in Frysk bedriuw seit: ik wol dy helpe en we stappe yn de trein op wei nei dyn dream."

Olympyske Spelen

Dy dream is om har te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Om dat foarinoar te krijen, moat Anema wol saken as trainings, spesjaal iten en kontribúsje sels betelje. "It soe moai wêze dat ik dan gjin soargen oer jild ha en my fokusje kin op it riden", hopet Anema.
Reina Anema