Wiebe Bouma, de nije lânskipsbaas fan Fryslân: "Fryslân wurdt in 'leefprovinsje'"

Fryslân wurdt in 'leefprovinsje'. Dat ferwachtet Wiebe Bouma, de nije kertiermakker fan Lânskipsbehear Fryslân. "Corona hat ús it nije normaal brocht. Minsken sille yn de takomst folle mear thús wurkje. Dêrom tink ik dat Fryslan him ûntwikkelje sil ta 'leefprovinsje'.
Wiebe Bouma, kertiermakker Lânskipsbehear Fryslân © Omrop Fryslân, René Koster
Bouma tinkt dat de lânbou dêryn ek in plak behâldt, mar grif oars as no. "Ik sjoch hjir de kommende jierren in soad minsken hinne kommen, dy't hjir wenje en wurkje oan hûs kombinearje wolle."
We moatte der neffens Bouma wol om tinke dat der net te folle druk op it lânskip en ús doarpen komt te lizzen. "Wite wenbouflekken lykas by Mantgum moatte we sjen te foarkommen. Soks soene je ek wol op in oare wize dwaan kinne, mei mear respekt foar doarp en lânskip."

Kertiermakker

Wiebe Bouma begjint moandei 1 maart as saneamde kertiermakker. Dy namme hat de funksje foarearst krigen om Lânskipsbehear Fryslân, nei in reorganisaasje, wer goed del te setten. Bouma ferwachtet dat dy titel nei ferrin fan tiid wer gewoan 'direkteur' wurde sil.
Snein om 11:00 oere is yn ús radioprogramma Buro de Vries in wiidweidich petear mei Wiebe Bouma te hearren.
Wiebe Bouma