Hoe sûn is de molke dy't wy drinke? Molke, de podcast

Hoe sûn is de molke dy't we drinke, en dy't oer de hiele wrâld eksportearre wurdt? Fryslân DOK bringt dit wykein de dokumintêre 'De wite wale'. Dêrby heart in podcastsearje oer molke. Te finen by de Fryslân DOK podcast 'Ferhalen fan it flakke lân'.
Readbûnt fee op stâl © Omrop Fryslân
Nederlanners binne grutbrocht mei molke en it idee dat de molke fan eigen boaiem de bêste is fan de wrâld. De molkeprodukten wurde ek eksportearre, bygelyks nei Azië en Afrika. Mar twatredde part fan de wrâldbefolking is 'lactose-intolerant'. Dêrom wurdt de molke mei sûker ekstra lekker makke. Sa is der yn dy lannen dochs in merk foar de produkten fan de suvelyndustry. Mar hoe sûn is dy molke dan noch?

Takomst

Der is diskusje oer de takomst fan de lânbou en de feehâlderij, en dat is soms pynlik foar de minsken dy't yn dy sektor wurkje. Duorsum en fatsoenlik wurkje en dêrmei jo brea fertsjinje, dat is ommers it doel. It is ek pynlik om de lânbou yn twivel te lûken, omdat Nederlân grut wurden is mei it idee dat it bêste iten en drinken by ús wei komt. Fryslân DOK sjocht kritysk nei it produkt fan de melkfeehâlderij: de molke.

Podcast

Yn de podcastsearje hat Bart Kingma petearen mei ferskate saakkundigen oer molke: Remko Kuipers, Ton Baars, Catharinus Wierda en Jan Bles. Alle fjouwer binne se ek ynterviewd yn de Fryslân DOK tv-dokumintêre 'De wite wale' dy't op 27 febrewaris útstjoerd wurdt by NPO 2 en op 28 febrewaris by Omrop Fryslân.
Harkje de podcast fia: Spotify
Harkje de podcast fia: iTunes
Harkje de podcast fia: Omrop Fryslân