164 nije coronabesmettings; twa stjergefallen

27 feb 2021 - 15:21

It RIVM meldt sneon 164 nije coronabesmettings yn Fryslân. Dat binne der 95 minder as freed, doe wiene it der 260. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed 222 besmettings deis bykaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (25), Ljouwert (23), De Fryske Marren (18) en Hearrenfean (17).

Der binne twa Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, yn Achtkarspelen en Weststellingwerf.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, minsken út de gemeenten Hearrenfean en Achtkarspelen.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4.993 nije coronabesmettings melden. Dat is mear as it wikegemiddelde fan 4.605.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)