Sportfiskerij populêr yn Fryslân, benammen by jongerein

27 feb 2021 - 14:56

Hieltyd mear minsken sykje yn de coronatiid nei nije hobbys. Dat sjogge sy by Sportvisserij Fryslân ek, want it sportfiskjen is tige populêr. Yn in jier is it ledetal fan sawat 34.000 nei mear as 40.000 gien.

Sportfiskerij populêr yn Fryslân

Benammen jongeren gean hieltyd mear te sportfiskjen. Wiebe (15), Rutmer (15) en Werner (17) komme moarns om 7.00 oere fan bêd ôf om te angeljen en se gean troch oant it tsjuster is. "Bist bûtendoar, bist moai fuort. Wy binne der no mei ús trijen op út en wy hawwe der ek moai waar by", seit Wiebe.

Rutmer stiet ek fanatyk mei syn angel te swaaien. "Ast ien fangst, hast allegear minsken om dy hinne en dy fine dat hielendal moai. Dat fyn ik dan ek moai." As it moai waar is, is Rutmer leaver bûtendoar as dat er de hiele dei oan it gamen is of Netflix sjocht. De jonges sykje alle moaie plakjes fan Dokkum en bûten Dokkum op om de fisken te fangen. Werner: "Myn rekôr stiet op 28 fisken op ien dei. Dat gie echt mâl. As wy dat no helje wolle, stean wy hjir noch wol in skoftsje."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Rutmer, Wiebe en Werner binne oan it angeljen

Dat de sport sa populêr is, hat neffens foarsitter fan Sportvisserij Fryslân Obe Veltman alles te krijen mei de frije tiid dy't minsken hawwe. "Het is een van de manieren om nu nog actief te zijn. Het is dé manier om het huis uit te gaan en jezelf te vermaken."

Neist jongerein is ek hieltyd mear âlderein oan it fiskjen. "Veel mensen die in hun jeugd veel gevist hebben en nu aanleiding zien om de hobby weer op te pakken, waaronder ook zeker ouderen. Waar we ook heel blij mee zijn is dat steeds meer meisjes en vrouwen gaan vissen." Veltman is sels ek gek op angeljen. Hy is dan ek bliid dat minsken it sa moai fine.

Wiebe, Rutmer en Werner binne der yn alle gefallen noch net klear mei. No't it moaie waar deroan komt, kinne se hieltyd faker te angeljen. "Wy binne ek wol faak yn ús boatsje op 'en paad. Jo binne mei kammeraten op 'en paad en belibje fan alles. Dat is foaral wat ús elke kear wer lûkt om nei de wetterkant ta te gean."

Obe Veltman, Sportvisserij Fryslân

Trefwurden: 
fiskje fiskerij Sportfiskje
(Advertinsje)
(Advertinsje)