Fûgelwacht Sint-Jânsgea-Rotsterhaule op syk nei wytstirnzen

Oan de Liemdyk by Rotsterhaule binne se sneontemoarn begûn mei it lêste wurk om in âld plasdrasgebiet te werstellen. En wol op sa'n wize dat der op termyn mooglik wytstirnzen komme te brieden dy't mei helpe moatte om rôffûgels te kearen dy't wol in greidefûgelpykje meie. It is in projekt fan de fûgelwacht Sint Johannesga-Rotsterhaule en omkriten yn gearwurking mei boeren en natuerorganisaasje It Fryske Gea.
In wytstirns © Remco de Vries
Al mei al is it in projekt fan wol 20.000 euro wêrfan't ek in soad yn natuera oanlevere waard. Wichtichste ûnderdiel binne de twa briedeilannen mei skulpen. Dy moatte benammen wytstirnzen lokje.
Dat binne koloanjebrieders dy't yn sa'n groep byinoar in soarte fan 'loftmacht' foarmje dy't predatoaren fan boppen de baas kinne. Ek ljippen binne goed yn it ferdigenjen fan harren nêsten tsjin rôffûgels, roeken en reagers. Mei natuergebiet it Easterskar tichtby is der ek in sûne populaasje rôfbisten dy't dêrfan profitearret.

Fiif jier om sukses te wurden

It tal briedende greidefûgels yn it gebiet is hieltyd fierder tebekrûn. Nêst mear ljippen hopet de fûgelwacht ek op kluten en strânljippen.
It wetter om de briedeilannen hinne is net djip, mar de ûnderfining is dat stienmurden en foksen it net hiel noflik fine om troch dat wetter nei de eilannen ta te gean. De fûgelwacht lûkt fiif jier út om fan it projekt in sukses te meitsjen.
Sneon is ûnder oare in nije pomp ynstallearre om it gebiet goed wiet te hâlden en wurdt der yn en om de greiden rûchtes fuorthelle. Yn it ferline sieten yn it gebiet wol sechstich spantsjes fûgels te brieden. Ferline jier sieten der noch tweintich spantjes ljippen.