Omrop TIP: Fryslân DOK oer molke

27 feb 2021 - 12:42

Joris Driepinter; Melk is goed voor elk; Melk, de witte motor: generaasjes binne opgroeid mei de reklameslogans fan de suvelyndustry. De wite motor wurdt ek eksportearre nei Afrika en Azië. Mar hoe sûn binne dy molkeprodukten eins? Dêroer giet de Fryslân DOK 'De wite wale', op 27 febrewaris te sjen by NPO2 en op 28 febrewaris by Omrop Fryslân.

Nederlanners binne grut wurden mei it idee dat de suvel fan ús lân miskien wol de bêste fan de wrâld is. Dêrom produsearje wy folle mear as dat wy sels nedich hawwe. Programmamakker Bart Kingma: "Melkfeehâlderijen hawwe groei as belangrykste doel. Op krityk as miljeufersmoarging, of skea oan de biodiversiteit, is it antwurd dat se meitinke oer duorsumer wurkje, en dat se de wrâld fiede mei sûne molkeprodukten. Ik ûndersykje oft dy sûnensclaim wol kloppet."

Molke - Foto: Omrop Fryslân

Molke is feroare

De gearstalling fan molke is feroare yn de ôfrûne fjirtich jier. Kingma: "Eartiids iet in ko gers, no wurdt er byfuorre mei soaja en mais om mear molke te jaan. Dat byfuorjen soarget derfoar dat der oare en mindere fetsoeren yn sitte."

Kij yn de greide - Foto: Omrop Fryslân

Sûker yn 'e molke

De Europeeske suvelmerk is fersêde, it grutste sûnensprobleem spilet him ôf yn Afrika en Azië, dêr't de suvelyndustry in soad omset hellet. Omdat in grut part fan de wrâldbefolking lactose-yntolerant is, wurde de molkeprodukten mei sûker bewurke. Bygelyks kondinsearre molke bestiet foar 45 persint út sûker.

Kondinsearre molke mei sûker - Foto: Omrop Fryslân

Palmoalje

En it wurdt noch minder sûn. Molke bestiet út molkpoeier, molkfet en wetter. Om de molke makliker oer de wrâld te ferfieren, wurdt it wetter derúthelle. Mar ek wurde de sûne molkfetten út de molke helle en ferfongen troch goedkeapere fetten, bygelyks palmoalje. Mei it weardefolle molkfet wurdt op in oare wize jild fertsjinne.

Molke skieden yn poeier, fet en wetter - Foto: Omrop Fryslân

In sûnere takomst

Yn de Fryslân DOK 'De wite wale' in ynterview mei Remko Kuipers, promovearre yn de evolúsjonêre genêskunde. It minsklik lichem is net geskikt foar molkekonsumpsje, stelt Kuipers. Ton Baars, ûndersiker feehâlderij en molkekwaliteit yn de biologyske lânbou, fynt dat de suvelyndustry stjoere moatte soe op molke mei sûnere fetsoeren. Ek twa Fryske ûndernimmers komme oan it wurd, Catharinus Wierda en Jan Bles. Elk op harren eigen wize wolle se de suvel in nije en sûnere takomst jaan.

Jan Bles - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK 'De wite wale'

Sneon 27 febrewaris NPO2 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 28 febrewaris 13.10 oere)

Snein 28 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)