Wenlêsten hast oeral bot omheech, allinnich op Skiermûntseach OZB leger

27 feb 2021 - 11:17

De ûnreplikgoedbelesting (OZB) en de ôffalstoffeheffing gean dit jier bot omheech. De OZB giet mei 5,3 prosint omheech. Hielendal krekt wit de Vereniging Eigen Huis it net, mar Fryslân docht it net sa mâl yn ferliking mei it lanlike trochsneed. Yn Fryslân liket it wat ta te fallen. Dat komt troch de grutte ferskillen tusken de gemeenten. Der is mar ien Fryske gemeente dêr't de OZB leger wurdt.

Lippenhuzen - Foto: Wikimedia Commons

Alinnich op Skiermûntseach giet de OZB omleech. De delgong is dêr 0,6 prosint In oar Waadeilân (It Amelân) ferheget en ferleget net. De rest giet omheech. Ljouwert mei 0,4 prosint en Harns mei 0,7 prosint Oare gemeenten sitte dêr (fier) boppe. Achtkarspelen docht de OZB bygelyks mei 11,2 prosint omheech, Dantumadiel mei 15,9 prosint en Skylge mei 17,8 prosint.

It is net sa, dat de gemeenten mei de heechste OZB-ferheging ek de heechste ferheging fan de wenlêsten hawwe. Dêrfoar moat ek de ôffalstoffeheffing meirekkene wurde. Dan sjogge wy ynienen gemeenten lykas Weststellingwerf, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke omheechkommen. Dy skommelje tusken in ferheging fan 5,5 prosint en 6,5 prosint fan de totale wenlêsten. Yn de praktyk giet it dan om ferhegings fan 40 oant 50 euro yn it jier.

Tekoarten oplosse

Neffens in wurdfierder van de Vereniging Eigen Huis (VEH) is de ûnreplikgoedbelesting de iennige knop dêr't de gemeente oan draaie kin as it de ynkomsten serieus ferheegje wol. Neffens de feriening komt it benammen troch de soarchkosten dat de OZB omheechgiet. It ryk hat in oantal taken (WMO en jeugdsoarch) nei gemeenten ôfskood, mar net genôch finansjele middels beskikber steld.

Petysje

Neffens VEH brûke gemeenten dêrom no de OZB om tekoarten yn it sosjaal domein op te lossen. De feriening fynt eins dat dy tekoarten net ferhelle wurde meie op huzebesitters en hat earder ek al in petysje organisearre. Dy waard troch 135.000 minsken tekene. Hy is oanbean oan de polityk. Probleem is lykwols dat it kabinet demisjonêr is en dat dy diskusje net earder as nei de ferkiezings fierd wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)