Berchhiem yn Burgum wer iepen, gjin nije coronabesmettingen mear fêststeld

27 feb 2021 - 10:56

Alle ôfdielings fan ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum binne fan sneon ôf wer iepen foar besite. Yn de ôfrûne tiid hawwe der gjin nije besmettings mei it coronafirus west. Bewenners meie no wer ien besiker yn in dei ûntfange. Elke bewenner hat trije fêste besikers, dy't ferdield - oer de hiele wike - allinnich delkomme meie.

Ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân

Begjin febrewaris wie der in grutte corona-útbraak yn Berchhiem. Hast hûndert minsken, bewenners en meiwurkers, hiene corona, sa die bliken út de tests. Fjirtjin bewenners binne oan it firus stoarn.

Trefwurden: 
Burgum Berchhiem coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)