Drugslab yn Koatstertille ûntmantele, twa fertochten oanhâlden

27 feb 2021 - 10:07

Yn Koatstertille is in drugslab ûntmantele. De plysje grypte freedtejûn yn yn de loads oan de Oastkern. Yn de loads waard methamfetamine (crystal meth) makke. Der binne twa fertochten oanhâlden. It drugslab wurdt sneon leechhelle.

Drugslab yn Koatstertille - Foto: Plysje Fryslân

Yn Fryslân wurde de lêste tiid mear drugslabs ûntmantele. Sa kaam de plysje ferline moanne ien op it spoar yn Miedum. En yn Minnertsgea binne op 19 febrewaris trije minsken oanhâlden by in ynfal yn in drugslab.

(Advertinsje)
(Advertinsje)