Wettersteuring yn súdlik Fryslân, tafier komt stadichoan wer op gong

In grut part fan súdwestlik Fryslân is sneontemoarn troffen troch in wettersteuring. De oarsaak leit yn it wetterstasjon yn Spannenburch. By ynwenners fan ûnder oare Boalsert, Starum en De Lemmer komt hielendal gjin of mar in bytsje wetter út de kraan. Efkes foar njoggenen melde Vitens dat de wetterdruk stadichoan wer oprint.
De wetterkraan © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De druk komt stadichoan wer op gong. It kin noch wêze dat minsken lêst hawwe fan gjin of in legere wetterduk, mar it komt wol, seit Evy Elschot fan Vitens. Wannear't de wettersteuring hielendal oer is, kin Vitens noch net sizze. Dat sil wol yn de rin fan de moarn of middei wêze.
Minsken wurdt oanret foarearst gjin waskmasines, ôfwaskmasines of oare dingen te brûken dy't in soad wetter ferbrûke. As de wettertafier wer op gong komt, kin der earst wat brún wetter út de kraan komme. Dat is net gefaarlik, meldt Vitens. Gewoan efkes de kraan wat langer rinne litte.