Kollum: "Bloedjild yn Katar"

27 feb 2021 - 08:45

"Oar jier wurdt yn Katar it WK fuotbal spile. Dat is gjin lân om normaal te sporten, it is dêr gewoan fierstente waarm. Dochs hawwe in soad oaljedollars de altyd nei korrupsje rûkende FIFA bobo's oerhelle om yn de woastynsteat it wichtichste toernoai yn de fuotballerij ôf te wurkjen. Ien en oar hat wol in priis. In hege priis. In beskamsume, idioate en ûnakseptabele priis."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: Bloedjild yn Katar

As ik jim fertel dat it doarp Surhústerfean rûchwei 6000 ynwenners hat, seit jim dat wol wat. It is 500 minder as it oantal wurknimmers dat by de bou fan de stadions yn Katar om it libben kaam is. 6500 minsken binne deagien by it bouwen fan stadions dêr't oer in pear moanne 'ús jonges' in goai nei de wrâldtitel dwaan sille. Dy 6500 is trouwens in foarsichtige skatting. De echte oantallen binne folle heger.

Dit skandaal is eins nergens mei te ferlykjen. Ja, mei de bou fan de piramides, miskien. Doe seagen se ek net op ien of twa arbeiders. Mar dit toernoai fynt plak yn in moderne tiid dêr't wy ús drokmeitsje oer de pandemy dêr't we yn sitte, oer de Sineeske Oeigoeren dy't yn Stalinistyske strafkampen sitte en oer de misstannen yn Syrië.

It bart flak foar ús eagen, we sjogge it, der wurdt oer skreaun en dochs dogge we der neat oan. It is de taak fan de sjoernalistyk om misstannen lykas dizze yn wurd en byld oan de kaak te stellen. Mar de sjoernalistyk is gjin rjochter. Se kin de ferantwurdliken net strafrjochtlik ferfolgje. Dêr binne oaren foar.

Stel je no ris foar dat by de renovaasje fan de Ofslútdyk tweintich minsken om it libben komme soenen. De kranten en oare media soenen der dagen fol fan stean. Der soenen ûndersiken komme, miskien sels Keamerfragen. Hawwe jimme, útsein de CU, in politike partij heard dy't harren iepenlik útspruts foar in boykot fan dat hiele sirkus dêr yn Katar?

Nee, fansels net. Want de belangen fan dat doarp oan deade arbeiders weaget noch altyd net op tsjin it mondiale feestje dat it WK fuotbal no ienkear is. Ek ús fuotballers dy't harren och sa hearre lieten by de Black Lives Matter-demonstraasjes binne no stil. Omdat de Black Lives Matter-boel harren salaris net betellet. Dat is mei oaljedollars in hiel oar ferhaal.

Is dat hypokryt? Ja, mar dat is de sportwrâld. En ek de sjoernalistyk dêromhinne. Want it binne leafhawwers dy't graach oer it spultsje skriuwe en berjochtsje wolle. De freeslike misstannen by de bou fan de stadions sille by de iepeningsseremoanje al foar in grut part fergetten wêze. En stel dat 'ús jonges' it ek nochris knap dogge, is it hiele lân yn in hânomdraai fersierd mei oranje flaggen.

Dit toernoai hie nea yn Katar organisearre wurde moatten. De bou fan de fasiliteiten liket mear op genoside op arbeiders as oars wat. De ynternasjonale media hat ien grutte kâns om hjir wat oan te dwaan. De FIFA yn de bleate kont sette. It hiele toernoai lang der net ien wurd oer te skriuwen, gjin inkele wedstriid út te stjoeren en der gjin wurd oan smoarch te meitsjen. Dat soe rjocht dwaan oan dy 6500 arbeiders dy't om in spultsje harren libben weagen en ferlearen. It soe sjen litte dat foar jild dochs net alles te keap is. Earlik sein tink ik net dat de media dat oandoart. It binne en bliuwe te folle leafhawwers. Black Lives Matter, Arbeiders Lives Matter ek, fansels wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)